Deitelevyzje by Omrop Fryslân

01 nov 2008 - 14:14
  • Tekst TV is dit wykein foar it lêst

Mei yngong fan moandei 3 novimber hat Omrop Fryslân televyzje alle dagen deitelevyzje. By it lûd fan Omrop Fryslân radio bliuwt de sjogger altyd op 'e hichte fan it nijs. Under yn byld rinne de koppen fan it nijs mei.

De berjochten sels binne nei te lêzen op Omrop Fryslân teletekst. Fierders binne der bylden fan in webcam te sjen en ynformaasje oer programma's op Omrop Fryslân radio en televyzje. De webside fan Omrop Fryslân krijt fan moandei ôf in nije foarmjouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)