Deinum: tûzen banen der by

05 okt 2013 - 12:27
  • De start fan de PvdA-kampanje by de Aldehou

Ljouwert kin de kommende jierren rekkenje op seker tûzen nije banen. Dat sei listlûker Henk Deinum sneon by de start fan de ferkiezingskampanje fan de Partij van de Arbeid. Deinum ferwachtet nije banen yn de soarch en ek yn de maakyndustry. Deinum rekkenet eins op noch mear banen, mar wol gjin hegere oantallen neame as er wiermeitsje kin.

De PvdA sil de kommende wiken folop kampanje fiere, want de partij docht it net goed yn de lanlike peilingen. Deinum hopet dat de kiezer goed sjen sil nei wat de partij pleatslik út de wei set hat.

Deinum seit dan ek dat hy him 'gjin al te grutte soargen' makket oer de weryndielingsferkiezings fan novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)