Deinum sil bemiddelje tusken wykpanel Súdlanden en gemeente

29 sep 2015 - 10:26

Wethâlder Henk Deinum (PvdA) sil bemiddelje yn it konflikt tusken wykpanel De Zuidlanden en de gemeente Ljouwert. It wykpanel is min te sprekken oer de kommunikaasje fan de gemeente oer de komst fan in tankstasjon oan de Oeriselseleane. As gefolch dêrfan stapte de foarsitter fan it wykpanel ferline wike op. Hy is net de earste: earder binne de wurkgroep 'Ferkear' en in oar wykpanellid ek al ophâlden mei harren wurk.

Deinum sil no besykje de twa partijen wer om tafel te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)