Deinum krijt ien sportferiening foar alle sporten

21 feb 2016 - 12:00

Sportferienings yn Deinum bondelje har krêften om sa ta ien grutte feriening te kommen: Sportferiening Deinum. Dêrmei komt neffens Anne Terpstra, foarsitter fan it doarpsbelang, in grutte dream út. Follybal, keatsen, kuorbal en fuotbal kinne no mei elkoar wurkje oan de takomst fan it sporten yn Deinum. Ien bestjoer, ien klup, mei 400 leden.

De kommende jierren wurdt wurke oan in grut nij kompleks, mei nije keunstgersfjilden foar de kuorballers en fuotballers, in keatsfjild en in kantine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)