Deinum baalt fan kontrôles

14 apr 2006 - 11:50

De frijwilligers fan de boarterstún yn Deinum ha skjin har nocht fan alle keuringen en kontrôles troch ferskate ynstânsjes. De ien keurt it iene jier in tastel ôf, de oar keurt it it jier dêrop goed, wylst der neat feroare is. Dit demotivearret de frijwilligers.

Meikoarten sil Doarpsbelang Deinum mei "Omsjen", dat ûnderdiel is fan it it wolwêzenswurk Frjentsjerteradiel, om de tafel om de situaasje yn Deinum te bepraten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)