Deiblêd ferfierd troch LC-bus

15 okt 2005 - 14:19

It Frysk Deiblêd wurdt fan takom jier ôf yn de buskes fan de Ljouwerter Krante nei de agenten ferfierd, dy 't soargje foar fierdere fersprieding. Oant no ta wie de gearwurking beheind ta dreech te berikken plakken.

De stap is bysûnder om't it Deiblêd der him op foarstean lit in ûnôfhinklike krante te wêzen. Dat komt neffens haadredakteur Kooistra net yn gefaar. Syn krante makket nei in reorganisaasje fan ferline jier no in beskieden winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)