Deiblêd en Hoekstra: nije parse

21 des 2005 - 07:17

It Frysk Deiblêd bout in nije parse yn gearwurking mei de drukkerij Hoekstra Boom. Wêr yn Fryslân de nije drukkerij komt, is noch ûnbekend. De âlde parse fan de Fryske krante is fersliten en der is gjin jild om selstannich in nijenien te keapjen.

Hoekstra Boom slút foar de bou fan de nije parse de drukkerij yn Meppel. Se hawwe ek noch in drukkerij yn Emmeloord. De nije Fryske parse moat draaie yn de rin fan 2008.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)