Deibesteging kin nei "Wil"

10 okt 2013 - 11:45
  • De start fan de nije soarchfoarm "Wil" fan Alliade.

Under de namme 'Wil' wol de soarchgroep Alliade besykje kontrakten mei gemeenten te sluten oer de begelieding en deibesteging fan hendikepten. No falt soks noch ûnder de AWBZ, mar op 1 jannewaris 2015 wurde de gemeenten ferantwurdlik.

Under 'Wil' falle aanst 400 oant 500 meiwurkers dy't no bygelyks noch by Talant wurkje. De petearen tusken Alliade en de gemeenten binne noch mar krekt begongen. Noch gjin inkele gemeente hat al tasein de begelieding en deibesteging skielk by 'Wil' ûnder te bringen. De nije namme is tongersdei bekendmakke.

It ûnderbringen fan de begelieding en deibesteging by gemeenten stiet yn it regearakkoart. Dêr stiet ek yn dat der 25 persint besunige wurdt op dy taken. Erik Kuik fan de ried fan bestjoer fan Alliade tinkt dat dat op te fangen is, troch effisjinter te wurkjen en tagelyk ek oare taken oan gemeenten oan te bieden, as arbeidsbemiddeling en learwurkplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)