Dei-opfang op de Tunen is iepene

23 maaie 2002 - 00:00

De dei-opfang op de Tunen yn Ljouwert is tongersdei offisjeel iepene. It giet om de opfang fan it Leger des Heils foar dak- en thúsleazen. Der wie in soad reboelje om't omwenners oerlêst ferwachtsje.

It nije pân is fjouwer kear grutter as it âlde. De swalkers kinne kofje, sop en in broadsje krije. De dei-opfang oan de Sudergrêftswâl giet yn juny iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)