Dei Fryske Literatuer Amsterdam

29 feb 2004 - 00:00

De twadde Dei fan de Fryske Literatuer waard snein hâlden yn Amsterdam. By dit literêre programma, dat oanslút op de Fryske boekewike, ha in tal fan de wichtichste Fryske dichters en proaza-skriuwers har presintearre oan in Nederlânsktalich publyk.

Oan it programma diene ûnder oare mei: Tsead Bruinja, Josse de Haan, Tsjêbbe Hettinga, Albertina Soepboer en Hylke Speerstra. Der waarden foardrachten en diskusjes hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)