Dei fan de Berneopfang yn Snits

30 maaie 2006 - 17:48

Yn Snits wurdt tiisdei de earste Dei fan de Berneopfang hâlden. Hûndert learlingen, dosinten en oare saakkundigen binne oanwêzich op opliedingssintrum Friese Poort. Doel is om de dielnimmers kennis by te bringen oer ferskate saken.

Der bin ûnder oare workshops oer it respektfol fersoargjen fan babys, meartaligens en bernemishanneling. It is noch ûnbekend oft takom jier wer sa'n bernedei is op de Friese Poort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)