Dei fan âlde en nije steaten

20 apr 2011 - 14:53
  • It nije kolleezje fan Deputearre Steaten

Provinsjale steaten hawwe woansdei de lêste sturtsjes fan it âlde belied noch ôfmakke en middeis wurdt der debatearre oer it koälysjeakkoart. It is ek de lêste dei fan deputearre Adema, syn plak wurdt ynnommen troch Johannes Kramer fan de FNP.

Ien fan de lêste punten dêr't de âlde steaten him noch oer útsprutsen hat is de sâltwinning ûnder lân. In mearderheid fan de steaten is hjir tsjin. It ryk moat hjir letter noch in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)