Degradaasje FVC in feit

08 maaie 2011 - 16:13

FVC spilet nei in jier haadklasse fuotbal, takom jier wer yn de earste klasse. Snein ferlear de ploech fan trainer Bert Hollander mei 3-1 de Fryske derby fan Snits Wyt Swart en dat bestjutte degradaasje. Nzoko, Geertsma en Giró Batalla skoarden foar de Snitsers, Kalsbeek die noch wat werom foar de Ljouwerters.

Snits Wyt Swart kin troch de winst de degradaasje- en promoasjeduels noch ûntrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)