Definsjehely ynset by syktocht

24 sep 2012 - 17:41
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

In helikopter fan de Ljouwerter fleanbasis is moandeitemoarn ynset om boppe de Noardsee nei it lichem fan in frou te sykjen. By Noardwyk waard sûnt de betide moarn in persoan fermist. In tas mei papieren fan de frou wie yn see fûn.

De rêdingstsjinsten giene dêrom de see op en der waarden ek helikopters fan de plysje en definsje ynset. Uteinlik ûntduts de Ljouwerter helikopter it lichem fan de frou. It stoflik omskot is troch in rêdingsboat út it wetter helle en oan wâl brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)