Definityf straf foar Verbeek

19 sep 2007 - 10:49
  • SkiedsrjochterJol stjoerde doedestiids Verbeek fuort (foto Martin de Jong)

Trainer Gertjan Verbeek fan SC Hearrenfean is troch de beropskommisje fan de KNVB foar trije wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst. De straf giet snein yn by de wedstryd tsjin Utrecht.

Verbeek is skorst omdat hy by Ajax tsjin Hearrenfean de fjirde offisjel in triuw joech. De KNVB stelde earder twa kear in straf foar dêr't Verbeek net mei akkoart gie. Tsjin de nije straf is gjin berop mear mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)