Definityf gjin Suderseespoar

14 apr 2006 - 11:55

Der komt definityf gjin snelle spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden. It doel en de needsaak fan sa'n ferbining binne net genôch oantoand. Dat hat it kabinet tongersdeitemiddei besletten.

De ôfrûne wike waard al dúdlik dat de wichtichste advysrieden fan it kabinet neat sjogge yn de plannen. In snelle ferbining is te djoer en smyt te min op. It kabinet sil no sjen nei regionale ynvestearrings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)