Definityf gjin dweilorkest by lêste WK ôfstannen yn Thialf

13 feb 2015 - 12:39
  • De Glasblazers yn aksje op Thialf

De Glasblazers blaze dit wykein definityf net by it WK ôfstannen yn Thialf. Al 27 jier is it dweilorkest in sfearmakker yn it iisstadion. Mar by de lêste wedstriid yn it âlde stadion binne de toeters net te hearren.

It dweilorkest waard tongersdei troch it organisaasjekomitee fan Thialf ôfsein. Dat soarge foar in soart opskuor op sosjale media. Tongersdei like der noch feroaring te kommen yn de saak. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean bemuoide him der noch mei. Mar it helle neat út.

Uteinlik mochten de blazers fan it organisaasjekomitee sneon yn de lêste dweilpauze fan har hearre litte, mar dat fûnen se net genôch. Dus bliuwe se thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)