Definityf ein foar Parnas

27 jun 2011 - 13:19

Oan keunstesintrum Parnas yn Ljouwert komt ein 2012 definityf in ein. De kolleezjepartijen PvdA, CDA en Pal/GroenLinks binne it dêr oer iens wurden. Der bliuwt in lyts sintraal gebou bestean. Muzykles wurdt fan 2013 ôf yn de wiken en op skoallen jûn.

De koälysjepartijen fine dat it kolleezje dúdliker oanjaan moat hoe't it alternatyf foar Parnas der krekt út komt te sjen. Se fine ek dat der regelingen komme moatte foar legere ynkommens foar muzyk- en keunstlessen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)