Definityf beslút oer .frl

23 jun 2014 - 09:29

Fryslân kiget yn Londen offisjeel in plak op ynternet mei in eigen puntFRL. Dat bart op in konferinsje fan de organisaasje dy't bepaalt hokker domeinnammen der wêze meie. Yn it gefal fan Fryslân is dat it domein dat einiget op .frl, lykas .nl of .com lykas no al geregeld op ynternet te sjen is. De Amerikaanske organisaasje dy't dat bepaalt, hjit ICANN.

Deputearre Sietske Poepjes is yn London foar it kongres oer it beslút oer it tastean fan puntFRL De kâns dat de tastimming der net komt, is hiel lyts.

Omdat de Amerikanen nei alle gedachten net in soad fan Fryslân witte, is it neffens Poepjes ferstannich om dúdlik te meitsjen dat de provinsje achter it inisjatyf stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)