Definitive sifers fersakkingen

06 des 2007 - 20:37

De boaiem yn Noardwest-Fryslân is de ôfrûne tweintich jier mei op syn meast 33 sentimeter sakke. Dat seit it ministearje fan Ekonomyske Saken.

It ôfrûne jier giene der ferskate sifers oer de tafel. Ynwenners, it Wetterskip, it Staatstoezicht op de Mijnen, de provinsje en de sâlt- en gaswinbedriuwen hiene allegear har eigen getallen. De sifers fan it ministearje moatte no in ein meitsje oan de diskusje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)