Definitive kar foar omrop LEO

17 des 2013 - 08:47

De gemeenteried fan Ljouwert kiest definityf net foar Mercurius, mar foar in nije lokale omrop: LEO. Dat is moandeitejûn besletten op de lêste gemeenteriedsfergading fan de âlde gemeenteried. Earder die al bliken dat in grutte mearderhied fan de ried foar in nije lokale omrop wie en net foar it besteande Mercurius.

It beslút fan de Ljouwerter gemeenteried giet as advys nei it Commissariaat voor de Media. It Commissariaat mei sizze wa't it wurdt; LEO of Mercurius.

De Ljouwerter ried naam moandei ek ôfskie fan fjirtjin riedsleden. Twa fan harren, John Stoelinga en Anne Zylstra, krigen in keninklike ûnderskieding omdat se al mear as tolve jier yn de ried sieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)