Defibrillator-aksje Feanpolder

06 jul 2008 - 11:06

In wurkgroep út de seis doarpen fan de Grutte Feanpolder set him derfoar yn om yn alle doarpen in defibrillator te krijen. Sa'n apparaat kin foarkomme dat minsken dy't in hertstilstân krije, komme te ferstjerren.

De wurkgroep is benaud dat dat faker bart, no't de oanrydtiid foar ambulânses mooglik oprekt wurdt fan 8 minuten nei in kertier. Earste help mei sa'n defibrillator soe libbens rêde kinne. Ek moatte minsken traind wurde om mei sa'n apparaat te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)