Deenske fearboat is klear

28 apr 2005 - 07:04

It hat in wike langer duorre as pland, mar de Deenske fearboat Duodde is no dochs klear. Troch in ûngelok yn it droechdok by de Harnzer skipswerf Volharding rûn de boat grutte skea op. It gefolch wie dat de opleveringsdatum net helle wurde koe. Der is noch ûndersocht oft it sabotaazje wie, mar it liket derop dat it om in fersin gie.

De lêste wiken is der ekstra hurd wurke. Woansdei om seis oere begjint de Duodde oan syn reis nei Denemarken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)