Deensk bod op Friesland Vlees

15 aug 2008 - 14:02
  • der leit in bod op Friesland Vlees

It Deenske fleisbedriuw Skare hat freed besletten in bod út te bringen op Friesland_Vlees. Dat befestiget Dick Heinen fan FNV-Bondgenoten. Skare hat 3,6 miljoen euro oer foar de Ljouwerter slachterij en wol in trochstart meitsje mei it hjoeddeistige personiel. Mooglik is der sels romte foar útwreiding.

De helte fan de oandielen fan Friesland Vlees binne fan de famylje Wildeboer. Dy seit dat it bedriuw al ferkocht is oan in oar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)