Deen op proef by Hearrenfean

27 jul 2010 - 15:22

Sportklup Hearrenfean hat in Deenske keeper op proef. It giet om de 27-jierrige Kevin Stuhr-Ellegaard. Hy spilet op dit stuit by de Deenske klup Randers FC. Earder spile Stuhr-Ellegaard foar Hertha BSC, Manchester City en Blackpool.

Hearrenfean is op syk nei in keeper, no't Brian Vandenbussche foar langere tiid útskeakele is. Vandenbussche wurdt 6 augustus opereard oan syn linkerknibbel. Hy is seis oant njoggen moanne útskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)