Dj's Stiens yn glêzen hûs

29 jul 2013 - 21:28
  • Aksje yn Stiens foar 3FM

Twa dj's fan radio Middelsé sitte sûnt moandei yn in glêzen hûs om jild yn te sammeljen foar it goede doel. De 16-jierrige Melvin Wiersma en Marco Oosterhuis sille lykas de dj's yn it offisjele glêzen hûs fan 3FM in wike lang net ite. Sa wolle se jild ynsammelje foar de grutte aksje fan 3FM yn desimber.

De radiostjoerder freget dit jier omtinken en jild foar bern dy't deagean oan de gefolgen fan diarree. Dit jier stiet it offisjele glêzen hûs fan stjoerder 3FM yn Ljouwert. De aksje yn Stiens duorret oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)