Deeglike oerwinning Flyers

01 feb 2014 - 00:30

De UNIS Flyers hawwe freed mei 5-0 wûn fan Eindhoven. De iishockeyers fan It Hearrenfean hienen net in soad muoite mei de hikkesluter. Fia de perioadestannen 2-0, 2-0 en 1-0 kaam de einstân op it boerd. Levi Houkes skoarde twa kear en waard ek man-of-the-match. Troch de winst bliuwe de Flyers yn de race foar it twadde plak yn de kompetysje, dat thúsfoardiel jout yn de play-offs. De Feansters stean op it tredde plak, ien ferliespunt achter Den Haag. Snein spilet de ploech fan coach Chris Eimers de útwedstriid tsjin Geleen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)