Decleir krijt rol yn Kameleon-2

01 okt 2003 - 00:00

De Belgyske akteur Jan Decleir spilet in haadrol yn de twadde Kameleon-film. Dat makke regisseur Steven de Jong woansdei bekend. Decleir krige dizze wike op it Nederlânsk Filmfestival in Gouden Keal foar syn hiele oeuvre. Hy sil yn de twadde Kameleon-film de rol spylje fan in ûnbetroubere Belgyske projektûntwikkelder.

Fierder keare de measte akteurs út de earste film werom op it skerm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)