Debút Nijssen yn basis Cambuur

19 nov 2004 - 00:00

De 20-jierrige Tim Nijssen sil freed yn de thúswedstriid tsjin Helmond Sport syn debút meitsje yn 'e basis fan Cambuur. Nijssen hat syn oplieding hân by it Ljouwerter Read-Giel. Cambuur is twongen om de ferdigening oan te passen omdat Ronny Venema blessearre is. Mitchell Piqué is siik.

Bernard Schuiteman stiet yn it sintrum fan 'e ferdigening. It wurdt foar Schuiteman de twadde wedstriid fan 'e kompetysje dat er meidwaan kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)