Debút Gouweleeuw by H'fean

01 apr 2011 - 11:12

Ferdigener Jeffrey Gouweleeuw makket sneon syn debút foar Sportklup Hearrenfean. Yn de wedstriid tsjin Excelsior sil hy it sintrale ferdigeningsduo foarmje mei Michel Breuer.

It 19-jierrige talint spile oant no ta allinnich foar de beloften fan Hearrenfean. No't Arnold Kruiswijk skorst is en Milan Kopic blessearre, jout Jans de kâns oan Gouweleeuw om him sjen te litten. Igor Djuric wurdt dêrtroch passearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)