Debút Foppe yn Lenstrastadion

24 aug 2004 - 10:03

Tiisdei 7 septimber debutearret Foppe de Haan as KNVB-bûnscoach. Op dy dei spilet Jong Oranje de belangrike WK- kwalifikaasjewedstriid tsjin Jong Tsjechië. Yn de seleksje binne ek keeper Boy Waterman en spits Klaas Jan Huntelaar fan Hearrenfean opnaam.

De Haan makket syn debút nei alle gedachten yn in goed beset Abe Lenstra Stadion. Sponsors en seisoenkaart- hâlders fan Hearrenfean hawwe by dizze wedstriid nammentlik fergees tagong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)