Debút Assaidi by Liverpool

20 sep 2012 - 13:41

De kâns is grut dat âld-Hearrenfean oanfaller Oussama Assaidi tongersdei syn debút meitsje sil foar Liverpool. De Marokkaanske oanfaller is troch manager Bredan Rodgers selektearre foar de Europa League wedstriid tsjin BSC Young Boys.

Rodgers hat foar de útwedstriid spilers as Luis Suarez, Pepe Reina en Daniel Agger thúslitten en dêrtroch sil Assaidi mooglik syn debút meitsje. Assaidi makke dizze simmer de oerstap fan SC Hearrenfean nei Liverpool. De Marokkaan kaam mei troch in ljiskblessuere noch net yn aksje foar de Reds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)