Debat oer wet brûken Frysk

29 maaie 2013 - 16:40
  • It Frysk wurdboek

De Twadde Keamer praat woansdeitejûn oer de wet fan it brûken fan de Fryske taal. Ferskate Fryske Keamerleden, lykas Sander de Rouwe en Lutz Jacobi, fiere dêrby it wurd. Se sille ek omtinken freegje foar de posysje fan Omrop Fryslân. It doel fan de wet is om te regeljen dat it Frysk yn Fryslân gelikense rjochten krijt en hâldt as it Nederlânsk.

In aparte wet foar it Frysk wie der noch net. Der binne wol regels foar it Frysk. Sa'n wet hat in grutte symboalyske wearde. Sa wurdt offisjeel fêstlein dat it Frysk de twadde rykstaal wurdt.

Ek wurdt offisjeel fêstlein dat je Frysk prate en skriuwe meie mei alle oerheden yn Fryslân. PvdA en CDA hawwe al oankundige dat se mei in moasje komme dy't de posysje fan Omrop Fryslân as selsstannige organisaasje fersekerje moat. It giet dan om in prinsipiële útspraak. It ryk kin net it Frysk offisjeel erkenne as twadde rykstaal en tagelyk de iennichste Omrop yn dy taal fuort besunigje of troch besunigings folle lytser te meitsjen. De echte beslútfoarming oer de publike omrop komt pas yn juny as oer de mediawet praat wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)