Debat oer swimbad Kealledykje

15 aug 2003 - 00:00

De Nieuwe Leeuwarder Partij hat foar no moandeitejûn in spoeddebat oankundige oer de perikelen om swimbad Kealledykje yn Ljouwert hinne. Dat sil wêze op it Provinsjehûs oan 'e Twibaksmerk. It swimbad giet op 1 novimber ticht.

In pleatslike aksjegroep striidt al jierren foar behâld fan it bad. Se ha har der no by dellein dat it bad ticht giet, mar wolle dat earder begûn wurdt mei de bou fan in nij bad. Dat nije bad sil earst yn 2006 of 2007 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)