Debat oer Sionsberg yn Keamer

17 jan 2012 - 13:46
  • De Sionsberg

De Twadde Keamer sil debatteare oer de takomst fan De Sionsberg yn Dokkum. De SP hat it debat oanfrege en wurdt stipe troch de PvdA. Dat krige aksjegroep Red de Sionsberg tiisdei te hearren nei it oanbieden fan 21.000 hantekenings oan de fêste keamerkommisje foar folkssûnens.

De Twadde Keamer fynt it wichtich om te praten oer de takomst fan lytse sikehuzen yn krimpregío's lykas De Sionsberg. De Dokkumers wiene Den Haach reizge mei spandoeken en hesjes, mar moasten dy saken achterlitte by de befeiliging fan 'e Twadde Keamer.

De aksjegroep wie mei acht man yn Den Haach oanwêzich. Se binne net ûntefreden oer it ferrin fan de aksje.

Se ferwachtsje dat it debat oer lytse sikehuzen politike stipe opsmite sil foar De Sionsberg en de kâns om de 24-oeresoarch oerein te hâlden grutter makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)