Debat oer riedsprogram

19 mrt 2006 - 17:49

Yn Frjentsjerteradiel is tongersdei in iepenbier debat tusken alle sân partijen dy't by de ferkiezings yn de gemeenteried kaam binne. It debat is organisearre troch de formateur foar it kolleezje, Maarten de Bok.

Doel fan de diskusje is it tarieden fan in riedsprogram, it regearakkoart foar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. It debat wurdt hâlden yn it gemeentehûs yn Frjentsjer. Ynwenners fan de gemeente meie der ek bywêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)