Debat oer natoer en miljeu

21 maaie 2010 - 21:06

De Partij voor de Dieren organisearret yn oanrin nei de Twadde Keamer-ferkiezings in Frysk debat oer natoer en miljeu. Dêr sille ferskate lanlike partijen oan meidwaan. Sa hawwe ûnder oare kandidaat Twadde Keamerleden fan de PvdA, GrienLinks, SP, D66 en de ChristenUnie oanjûn meidwaan te wollen oan de diskusje.

Neist politike gasten binne der ek minsken fan ferskate natoer- en miljeuorganisaasje útnoege om by it debat oanwêzich te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)