Deaslachpoging: rjochter pakt

25 apr 2006 - 17:45

In rjochter fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert is oppakt foar besykjen ta deaslach. Hy is yn jannewaris 2005 op non-aktyf steld en hat ûnderwilens ûntslach nommen. De man soe syn Oekraïnske freondinne mishannele hawwe yn 2004.

De fertochte moat op 23 maaie foar de rjochtbank yn Zwolle ferskine. De saak is nei dy stêd ferpleatst om belangeferstrengeling mei de rjochtbank yn Ljouwert foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)