Deasketten hûn noch net fûn

27 aug 2008 - 14:38
  • Colly woe de A32 oerstekke (yn sêne set)

De deasketten hûn by de sneldyk by Grou is noch net fûn. Der is yn it wetter socht, mar om ´e nocht. De Skotske colly is ôfmakke omt er in gefaar wie foar it ferkear. It bist besocht hieltyd de fjouwerbaansdyk oer te stekken. Dêrom is besletten him dea te sjitten. Dat slagge lykwols pas doe´t de hûn al oansketten yn it wetter lei.

Opfallend genôch wie it deade bist dêrnei net mear te finen. De eigner fan ´e hûn hat him no al melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)