Dearsum sûnder eigen wynmûne

09 des 2009 - 09:52

It doarp Dearsum hat gjin eigen wynmûne mear. De doarpsturbine draaide al in pear jier lang net mear omdat de wjukken derôf wiene. Ferline wike is der in nije wynmûne optúgd, mar dy is eigendom fan in partikulier, Boer Van der Werf fan Dearsum.

De Stichting Energievoorziening Dearsum eksploitearre de wynmûne tsien jier lang, mar krige it net foar mekoar om der in nije, modernere del te setten. Ien dy't folle heger wie, mei mear opbringst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)