Dealers oppakt yn Drachten

12 feb 2010 - 11:03

De plysje hat tongersdei yn Drachten fjouwer minsken oppakt foar drugshannel. It giet om in famke (15)út Houtigehage, in jonge (18) fan Stynsgea, in man (22) fan De Harkema en man (25) fan Surhústerfean.

De plysje hie sinjalen krigen dat der yn 'e omkriten fan skoallen oan de Raai hannele waard yn drugs. Dêrom stiene tongersdei ferskate plysjes te posten. Se seagen dat der by in parkearde auto in soad skoalbern kamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)