Dealers oanhâlden op Weaze

11 jun 2010 - 10:25

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei op de Weaze fjouwer manlju oanholden foar it yn besit hawwen fan drugs. Mei-inoar waarden by de fertochten fyftjin boltsjes drugs oantroffen en yn beslach naam.

De plysje fiert op dit stuit regelmjittich kontrôles út op de Weaze, omdat bewenners en ûndernimmers al langere tiid kleie oer de oerlêst fan dealers en harddrugsbrûkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)