Dealer yn Drachten oppakt

01 okt 2011 - 12:58

De plysje hat freed yn Drachten in drugsdealer en fiif klanten oanhâlden. De plysje poste by syn hûs om't it idee bestie dat er hannele yn harddrugs.

In Drachtster (18) hie nei in koarte besite oan syn wenning wat harddrugs by him. Koart dêrnei giene 2 manlju it hûs yn, dy't letter by it trochsykjen fan de auto in soad speed by har hiene. De mannen, út Blije en Ferwert, binne oanhâlden. De dealer is oanhâlden. Syn jild is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)