Dealer pakt by fûillearjen

17 des 2005 - 15:18

De plysje yn Ljouwert hat freed yn in oerke in grutte slach slein mei it previntyf fûillearjen. By de Mercuriusfontein waard in 21-jierrige man oanhâlden mei in flintermes, kokaïne, xtc en viagrapillen yn 'e bûse. De man is fuortendaliks oanhâlden.

Meiinoar waarden 65 minsken fûillearre yn de Doelesteech en op de Nijstêd. Dêrby waarden noch in mes en trije skroevedraaiers yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)