Dealer oanhâlden op Nijstêd

26 apr 2009 - 17:24

In Ljouwerter (25) is foar in kafee oan de Nijstêd yn Ljouwert oanhâlden fanwege besit fan harddrugs. Portiers fan de kroech tochten dat de man oan it dealen wie. Plysjes fûillearden de man en fûnen alve wikkels mei dêryn nei alle gedachten harddrugs. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten.

Op It Hearrenfean waard in Feanster (21) oanhâlden fanwege it besit fan GHB. De man hie ek wikkels mei speed en kokaïne by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)