Deadsoarsaak otters ûndúdlik

22 nov 2011 - 20:45

It is noch hieltyd net dúdlik wat de deadsoarsaak is fan de beide otters dy't twa wike lyn deagongen binne flak foardat se útsetten wurde soene. De bisten hiene lêst fan stûpen en hiene in soad pine. Ut de seksje waard dúdlik dat it net lein hat oan it ynbringen fan de stjoerder of in ynfeksje.

Addy de Jongh fan de Stichting Ottersation Nederland meldt dat de beide otters op dit stuit yn Lelystêd binne dêr't fierder ûndersyk dien wurdt nei de deadsoarsaak. Der wurdt tocht oan in fergiftiging. De útslach fan dat ûndersyk lit noch wol in pear wike op him wachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)