Deadsoarsaak Dokkumer ûndúdlik

02 nov 2012 - 16:02
  • Justysje

Wat de deadsoarsaak krekt west hat fan de Dokkumer dy't foarich jier yn in auto yn Dokkum ferstoar, is net dúdlik. In patolooch en toksikolooch joegen freed yn de rjochtbank yn Ljouwert oan dat net dúdlik is wat krekt de deadsoarsaak west hat. It is mooglik dat de 23-jierrige stoarn is oan ûnderkuolling, mar it kin ek wêze dat it GHB-gebrûk de oarsaak west hat. De eask fan it Iepenbier Ministearje bliuwt gelyk, 120 oeren wurkstraf en 1 moanne finzenisstraf ûnder betingst.

De offisier fan justysje fynt dat de twa fertochten neilittich west ha om't se it slachtoffer net earder nei it sikehûs brocht hawwe. De advokaten fan de fertochten wolle frijspraak, om't de deadsoarsaak net fêststeld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)