Deadlike ûngelokken

25 aug 2003 - 00:00

In 38-jierrige motorrider út Sondel is sneontenacht om it libben kaam by syn wenplak. Hy ried yn in flauwe bocht rjochttroch en kaam tsjin in beam oan. Hy is nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat er al ferstoarn wie.

In 55-jierrige motorrider út Hartwert botste sneon op in rige auto's foar in brêge by Kampen. Hy ferstoar letter yn it sikehûs. In 34-jierrige frou út Easterwâlde is sneon ek ferstoarn nei't se tsjin in beam oanriden wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)