Deadlike oanriding

20 des 2001 - 00:00

In 62-jierrige frou út Oerterp is woansdetjûn by in ûngelok om it libben kaam. Op de Weibuorren ried in auto achter de frou op de fyts. Doe't de bestjoerder har ynhelje woe, wykte de fystster út sûnder dat oan te jaan.

De automobilist koe har net mear ûntwike. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok oan de ferwûningen ferstoarn. It ferkear waard in pear oeren omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)