Deadlike oanriding

13 des 2000 - 18:10

In 69-jierrige ynwenner fan Aldeholtpea is tiisdei by in ferkearsûngemak om it libben kommen. De man rûn de N 351 op om syn ferwûne hûn fan de dyk te heljen dy't krekt dêrfoar oanriden wie.

Doe't de man mei syn bist weromrûn nei de paralleldyk seach er in auto oer de holle. De bestjoerster koe him net ûntwike. Hy ferstoar op it plak sels. Omstanners brochten de hûn nei de dokter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)